6 MAART 1929

Jan Roelof Geertsma kaam op 6 maart fan it jier 1929 oan ‘e Dwersfeart te Drachten te wrâld. Syn heit en mem hiene dêr in buorkerij. Doe’t syn heit al yn 1947 kaam te ferstjerren kaam syn mem der allinne foar te stean. Jan wie amper 18 jier en dus noch te jong om heit syn plak oer te nimmen, mar mei help fan in ynwenjende feint wist syn mem de saak driuwende te hâlden.
Jan gie nei de lânbouskoalle en stadichoan naam er hieltyd mear de lieding fan de pleats oer. Jan hoechde net yn militaire tsjinst, hy wie kostwinner. Folle letter, yn de sechstiger jierren, koe der oan de Dwersfeart net langer buorke wurde omdat de útwreiding fan Drachten dat ûnmooglik makke. Tegearre mei syn trije jier jongere broer hat Jan doe ik buorkjen fuortset op de pleats Woudlust yn Boarnburgum. Syn broer kaam mei frou en bern op ‘e pleats te wenjen. Jan, dy’t noch hieltyd frijfeint wie, kaam by harren yn. De saak waard modernisearre, der kaam in greate stâl mei lizboksen en der kamen hyltyd mear kij.

FRYSLÂN BOPPE!

Altyd al hie Jan greate leafde foar it Frysk. Ferskate kearen gyng er op reis en skreau dan letter syn reisferslach yn kreas en geef Frysk. Yn Boarnburgum wie er jierrenlang sekretaris fan de pleatselike ôfdieling fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Ek dêrby skreau er de ferslaggen altyd yn it Frysk. Goede doelen, dy’t ferlet hiene fan jild, koene grif op Jan rekkenje. Yn 1982 kaam der in greate feroaring yn it libben fan Jan: hy kaam yn ‘e kunde mei Akke Kok. Akke kaam út Hallum en it die bliken: se koenen skoan tegearre. Yn 1983 kochten hy en Akke, in boargerwenning yn Boarnburgum. Fan dêr út gie Jan alle dagen nei de pleats. Hy hat dêr oan syn dea ta wenne. Yn 1998, waard der in punt set efter it buorkjen. Pleats, fé en lân waarden ferkocht. Jan wie doe 69 jier. Tegearre mei Akke kamen der goede jierren. Jammernôch gie it mei de sûnens fan Akke net sa goed. Yn augustus 2013 kaam der in ein oan har libben. Jan wie wer allinne.

13 MAART 2016

Dêrom net: hy rêdde him skoan, hy lies graach boeken, makke lange kuiers, die yn Boarnburgum mei oan koersbal en wie regelmjittich te finen op de jeu-de-boulesbaan te Beetstersweach. Op 13 maart 2016 kaam der ek oan syn libben in ein. By testamint hie er regele dat der in “Jan Roelof Geertsma Fûns” komme soe mei dêr yn it greatste part fan syn kaptaal.

Hy woe ha, de opbringsten
soene brûkt wurde ta stipe fan:
  • Ynstellings dy’t har dwaande hâlde mei it yn stân hâlden fan it Frysk
  • Sportferienings yn Fryslân
    (net allegearre, hy hie neat mei fuotbal en fjochtsport!)
  • Kulturele ferienings en musyk- en sangferienings yn Fryslân.
  • De herfoarme tsjerke fan Boarnburgum.
JRG_LOGO_560

Ynmiddels is der in bestjoer foarme dat foarm en ynhâld jaan sil oan de opdracht fan de neilitter. De hjir boppe bedoelde ynstellings en ferienings kinne, as se jild nedich ha foar in bepaald projekt, in oanfraachformulier fine op dizze side.

DOCH IN OANFRAACH

NIM KONTAKT MEI ÚS OP

KONTAKT