Lês hjirûnder de beliedspunten fan de Stifting Jan Roelof Geertsmafûns: Algemiene ynformaasje, doelstelling, fermogen en de finansjele stipe.
1. ALGEMIENE YNFORMAASJE
It fûns is by uterste wil oprjochte troch Jan Roelof Geertsma. Jan Roelof Geertsma wenne te Boarnburgum en kaam te ferstjerren op 13 maart 2016.
De stifting is festige yn de gemeente Smellingerlân.
De stifting is oprjochte foar ûnbegrinzge tiid.
It bestjoer fan de stifting bestiet út 4 persoanen:
- Foarsitter: Hilbrand Geertsma, Drachten
- Skriuwer/ponghâlder: Sytze Jan Geertsma, It Hearrenfean
- Lid: Fokje Kooi, Koartehimmen
- Lid: Anja Dijkstra-Erenga, Beetstersweach
2. DOELSTELLING
De stifting hat ta doel finansjele help te ferlienen oan:
De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke te Boarnburgum.
Inisjativen of ynstellings dy’t har dwaande hâlde ta fuortsterking fan de Fryske taal en kultuer.
Sportferienings (útsein fuotbal- en fjochtsportferienings) yn Fryslân.
Kulturele ferienings yn Fryslân.
Musyk- en sjongferienings yn Fryslân.
Ek kinne inisjativen stipe wurde dy’t streekrjocht of sydlings te krijen ha mei it boppesteande.
3. FERMOGEN
De neilitter hat it greatste part fan syn fermogen neilitten oan de stifting. Foar it jaan fan stipe kin de stifting gebrûk meitsje fan de ynkomsten fan it kaptaal. Ynkomsten dy’t helle wurde kinne út belizzingen en oare aktiviteiten.
It bestjoer fan it Jan Roelof Geertsmafûns hat as wichtichste taak it fermogen fan de stifting sa goed en lykwichtich mooglik te behearen of beheare te litten om sadwaande útfiering jaan te kinnen oan de hjirfoar formulearre doelstelling.
De stifting sil net aktyf jild winne.
Yn ferbân mei it yn stân hâlden fan it fermogen en it keapkrêftich bliuwen sil jierliks, yn oerliz mei de bank, in part fan de winsten oan it fermogen tafoege wurde.
4. FINANSJELE STIPE
Alle boppe neamde ferienings en ynstellings kinne oanfragen yntsjinje. It bestjoer sil se besjen en dêrby it beliedsplan yn acht nimme. It beslút fan it bestjoer is binend.
Het RSIN nummer: 857215760
It bestjoer wurdt net betelle en de fergoeding foar it tarieden en bywenjen fan de gearkomsten is net te folle.